Hoareka Skier smookfrij

27 okt 2008 - 16:41

De hoareka op Skiermûntseach is folslein smookfrij. Dat seit de Voedsel- en Warenautoriteit, de VWA. Ferline wike hawwe de kontroleurs fan de VWA de hoareka op it eilân by del west. Neffens de kontroleurs hâlde de eilanners har perfekt oan de regels.

Op oare plakken yn it lân wie it wol oars. Sa waarden yn de earste fjouwer moanne fan it smookferbod yn totaal 138 boetes útdield. Ek wiene der 407 waskôgings. Hoefolle dêrfan yn Fryslân foelen is net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)