Kursus sulverpoetsen yn museum

Skea troch ferkeard poetsen
Troch it ferkeard poetsen fan sulver binne yn it ferline mooglik hûnderten foarwerpen út Fryske museu bot skansearre. Dat die moandei bliken by de kursus sulverpoetsen fan it Frysk Museum.
Under lieding fan metaalrestaurateur Ester Meijer learden de frijwilligers fan tsien ûnderskate musea dêr om it sulver mei kryt de poetsen. Neffens Meijer brûke de frijwilligers faak sulverpoets út de winkel, mar dat soe beslist net goed wêze foar it sulver.