Blêdebakken troch doarpsskou

27 okt 2008 - 13:54

Hûnestront, ferkeard parkearde auto's of oerlêst fan fallende blêden binne saken dy't te praat komme kinne by in doarpsskou. Ferskate minsken rinne mei sa'n doarpsskou troch in doarp en sjogge wat dêr ferbettere wurde kin.

Sawat in jier lyn hat der sa'n skou yn Deinum west. Dúdlik waard doe dat de ynwenners in protte lêst fan fallende blêden ha. De gemeente, doarpsbelang en Wonen NW-Fryslân hawwe dêrom foar twa grutte blêdebakken soarge dy't moandei yn gebrûk nommen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)