Twivel oer trajektkontrôles

27 okt 2008 - 11:20

It iepenbier ministearje moat ûndersyk dwaan nei de betrouberheid fan trajektkontrôles. Dat fynt advokaat Tsjalling van der Goot fan it kantoar Anker en Anker út Ljouwert. In Fryske kliïnt fan Van der Goot hie fraachtekens set by dizze wize fan snelheidsmjitten omdat syn GPS-systeem in oare snelheid oanjoech.

De man hie by Amsterdam in boete krige. De rjochter stelde de man yn it gelyk omdat it neffens him gie om twivel oer de betrouberheid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)