Winst Hajé Flyers yn Grins

© Omrop Fryslân
De iishockeyers fan de Feanster Hajé Flyers ha sneintejûn 'de slach fan it Noarden' mei 6-3 yn en fan Grins wûn. Foar goed 600 taskôgers einige de earste perioade yn 1-1. De twadde perioade wie mei 2-1 foar de Grinzer Grizzlies. Yn de tredde perioade waard de winst binnenhelle: 4-0 foar de Flyers.
It wie de twadde oerwinning fan de Flyers yn de bekerkompetysje. De Hajé Flyers ha no seis punten út seis wedstriden.