Ungelok troch fersliten bannen
In 20-jierrige Wurdumer is sneintemiddei mei de auto yn it wetter rekke omdat er glêde bannen hie. Op de Oenemadyk rekke de man de macht oer it stjoer kwyt en bedarre yn de feart.
De plysjeminsken dy't by it ûngelok roppen waarden seagen dat syn achterbannen finaal fersliten wiene.