Auto yn 'e sleat by Dearsum

27 okt 2008 - 09:20

Sneintejûn is by Dearsum in Fiat Barchetta yn de sleat njonken de Snitserdyk bedarre. De auto bedarre yn de sleat yn in flauwe bocht. Plysje, brânwacht, ambulânse en de bergingstsjinst wiene der gau by.

De bestjoerder koe sels út syn auto komme. Hy waard opheind troch de ambulânsemeiwurkers, dy't de man mei ûnbekende ferwûnings nei it Antonius sikehûs yn Snits brochten. De auto waard troch in bergingsbedriuw út de sleat lutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)