Vos yn shorttrackfinale

Maaike Vos (boarne: KNSB)
Shorttrackster Maaike Vos fan Drachten hat mei de Nederlânske ploech de finale helle fan de 3000 meter ôflossing by de wrâldbeker. Yn it Kanadeeske Vancouver profitearren de froulju fan de diskwalifikaasje fan Japan. Nederlân lei twadde doe't Japan tsjin de regels yn ynhelle. De sjuery joech Nederlân dêrnei dochs in finaleplak.
Vos sit yn de Nederlânske ploech mei Liesbeth Mau Asam, Annita van Doorn en Sanne van Kerkhof.