Audysje foar alvestêdestik

26 okt 2008 - 16:26

Tryater is drok op syk nei akteurs en aktrises foar in rol yn it nije megaprojekt fan it selskip: 'De Alvestêdetocht, in barre en bizarre tocht'. In lytse fyftich minsken binne nedich om alle rollen yn te foljen.

Om dy te finen wiene der snein audysjes. Sa'n tritich minsken kamen nei Ljouwert om ien fan de rollen te bemachtigjen. It stik wurdt opfierd lâns de alvestêderûte. It publyk wurdt mei bussen lâns de ferskate sênes brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)