Rjochttroch riden op rotonde

© Omrop Fryslân
In automobiliste (30) fan De Lemmer is sneintemoarn betiid ferwûne rekke by in ûngemak op de rotonde by De Jouwer. De frou kaam út de rjochting fan Snits en ried samar rjochttroch. Se ried troch it stek, skeat oer de heuvel en in sleatsje hinne en kaam tsjin it eilân yn 'e midden ta stilstân.
Se is mei ferwûnings oan de búk oerbrocht nei it sikehûs fan It Hearrenfean. Der is bloed ôfnaam om te sjen oft se tefolle dronken hie. In passazjier kaam mei de skrik frij.