Fernielings op 'e Gordyk

26 okt 2008 - 14:33

In 17-jierrige ynwenner fan Opsterlân is yn de nacht fan sneon op 'e Gordyk oanholden foar fernielerij. De jonge hie de ruten fernield fan in winkel oan de Skoallestrjitte.

Doe't er oanholden waard smiet er in foarwerp fuort. It gie om in saneamde 'ploertendoder'. Tsjin him wurdt proses-ferbaal opmakke foar ferbean wapenbesit en fernielerij.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)