Ynbrekkers op 'e die betrape

26 okt 2008 - 14:26

In Noardburgumer (24) en in man (23) út Kollumersweach binne yn de nacht nei snein oanholden nei in ynbraak. Koart foar midsnacht melde in tsjûge dat er twa manlju sjoen hie wylst se ynbrutsen yn in wenning oan de Reiddekkersstrjitte yn Noardburgum.

Underweis seagen de plysjes op de Sânhústerwei twa manlju, dy't oan it sinjalemint foldiene. Se binne oanholden en ynsletten. It die bliken dat de manlju in snoeiskjirre by har hiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)