Frou oanrand yn Ljouwert

26 okt 2008 - 14:24

Op de Willem Loréstrjitte yn Ljouwert is sneintemoarn betiid in 21-jierrige frou lestich fallen. De frou waard fan har fyts lutsen troch in man. Hy drukte har tsjin de grûn en gie boppe op har sitten.

De frou koe de man yn syn finger bite wernei't er útnaaide. Der is noch socht nei de bedriger, mar de plysje koe him net fine. It giet om in man mei in licht tinte hûd. Hy is 23/24 jier âld en goed ien meter tachtich lang.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)