Man falt út beam yn Rie

26 okt 2008 - 14:21

In 55-jierrige man út Rie is sneontemiddei ferwûne rekke doe't er út in beam foel. It ûngelok barde doe't er beammen oan it snoeien wie yn 'e tún by syn wenning oan de Doanjumerwei. Syn ljedder glied fuort en hy foel likernôch fjouwer meter nei ûnderen.

It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert. It personiel fan in traumahelikopter hoechde net yn aksje te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)