Ofsluting útstalling Tytsjerk

© Omrop Fryslân
Yn it park Groot Vijversburg by Tytsjerk wurdt snein de útstalling 'Kort is de tijd, en onherroepelijk' ôfsletten. Dat wurdt dien mei in dichtersfestival.
It wie foar de sechde kear dat der yn Groot Vijversburg in keunsttentoanstelling holden waard. Dy hat sa'n 30.000 besikers lutsen. Under har wienen 3.000 skoalbern. Foar har wie dit kear foar it earst in edukatyf projekt betocht.