Aris pakt twadde oerwinning

25 okt 2008 - 22:44

De basketballers fan Aris_Friesland ha sneontejûn harren twadde oerwinning fan it seizoen pakt. Yn eigen hûs waard Leiden mei 72-67 oan de kant setten. Grutte man oan Aris-kant wie Matt_Bauscher, dy't 25 punten makke. Dêrmei naam hy syn ploech by de hân.

Aris hie it wol dreech tidens de wedstriid, benammen troch it fysike spul fan Leiden. Dêrtroch kamen de Ljouwerters net in momint echt los fan de tsjinstanner. Dochs bleau Aris fjochtsjen en dat joech de trochslach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)