Elma de Vries wer de bêste

Elma (yn 't oranje) en Maria (read)
Elma de Vries hat har fjirde oerwinning helle yn de sânde maraton dy't meiteld foar de KNSB Cup. Yn Deventer wie de âld ynwenster fan De Haule wer ris de rapste yn de massasprint. Mariska Huisman fan Andijk waard twadde, Maria Sterk fan Hallum tredde.
Yn it klassemint hat Elma de Vries har foarsprong op ploechgenoate Maria Sterk fergrutte. Opfallend is dat De Vries en Sterk alle maratons oant no ta wûn ha. De lêste wûn trije kear.