Teatereffekten by brânoefening

25 okt 2008 - 16:44

De brânwacht yn de Súdwesthoeke is tenei better taret op brannen. As earste korps yn ús provinsje wurkje se mei in nij soarte fan oefenmateriaal en dêrtroch kin der folle realistysker oefene wurde.

Wetter en echt fjoer binne net nedich. Der wurde lûdseffekten en technyske snufkes út de teaterwrâld brûkt. Freedtejûn waarden de saneamde silkflames, dolby surround lûdseffekten en reekkanonnen demonstrearre yn in loads yn Warns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)