AD: 'Minne kofje yn Fryslân'

25 okt 2008 - 14:54

De twa Fryske bedriuwen by wa't it Algemeen Dagblad de kofje kard hat, komme der net al te bêst ôf. It AD hat op 59 plakken yn it lân de kofje beoardield. Herberch De Wildeman op De Lemmer eindiget op it 43e plak. It Algemeen Dagblad freget him ôf oft it personiel sels wolris de kofje priuwt.

Ek by restaurant De Albatros yn Snits teste de krante de kofje. Dy wie goed foar in 52e plak. 'Horeca waar je als klant erg treurig van wordt' is it kommintaar fan it AD.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)