Baldiedigens yn Dokkum

25 okt 2008 - 13:46
Foto: Omrop Fryslân

In groep jongeren hat yn de nacht nei sneon fernielings pleegd oan winkelgevels yn Dokkum. Op de Waachstrjitte en de Djipswâl waard klage oer lûdsoerlêst fan baldiedige jongeren.

By de Hema waard in rút ynsmiten. By telefoanwinkel T for Telecom waard in flagge stellen en de gevelbeklaaiïng fernield. De plysje siket tsjûgen fan de fernielings.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)