Fernielings Snits en De Jouwer

25 okt 2008 - 13:09

In groep jongeren út Snits hat yn de nacht nei sneon fernielings oanbrocht op de Singel en de Lemmerwei. Op it Keatslân smieten se de ruten fan in skoalle yn. Se skuorden planten út de grûn en smieten se op de dyk en op auto's. Ien fan 19 jier koe oppakt wurde.

Ek op De Jouwer hat de plysje twa jonges (16 en 14 jier) oppakt foar fernielerij. Se hiene mei in groep fan fiif jonges planten út de grûn skuord en rutewiskers fan auto's brutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)