Aquario nominearre foar award

© Omrop Fryslân
It bedriuw Aquario Watermanagement út Snits is nominearre foar de Gazelle Award. Dy wurdt takend oan in bedriuw wêrfan de omset yn trije jier tiid mear as 20 prosint groeid is. De priis is in inisjatyf fan it Financiële Dagblad, it MKB, it ministearje fan ekonomyske saken en in tal banken.
Yn novimber wurdt bekend oft Aquario de award ek echt wûn hat. Ferline jier waard it bedriuw ek al nominearre.