Filmopnames op 'e Lemmer

24 okt 2008 - 20:21

Op it Fedde Schurerplein op 'e Lemmer wurde moandei sênes foar de nije Nederlânse spylfilm 'De Indiaan' opnaam. It giet om in film fan Ineke Houtman, dy't earder ûnder oare Polleke en Madelief regisearre.

Fanwege de opnames binne moandei in tal strjitten yn de omkriten fan it Fedde Schurerplein ôfsletten foar ferkear. De winkels en wenningen oan de strjitten binne wol berikber. De film oer in adoptearre jonkje is takom jier yn de bioskoop te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)