Speedboat stellen yn Boalsert
De plysje ûndersiket de stellerij fan in speedboat, earder dizze wike oan De Tjirk yn Boalsert. De boat lei yn it wetter achter de wenning fan de 45-jierrige eigner. Dy ûnduts tongersdeitemoarn dat de 5,5 meter lange boat fuort wie.
De dieder hat ûnderweis de stuollen út de boat smiten. Dy waarden weromfûn oan De Blink yn Boalsert.