Fonejachtbrêge noch stikken

© Omrop Fryslân
It duorret noch seker oant moandeitemoarn foardat de problemen mei de Fonejachtbrêge foarby binne. Ien fan de dielen fan de brêge yn de Wâldwei gie tiisdei stikken. De brêge kin dêrtroch net mear iepen.
Gewoanwei kinne skippen fjouwer kear deis troch de brêge. Moandei sil in deskundige nei de problemen by de brêge sjen. Dat koe net earder omdat dy deskundige mei fakânsje wie.