Transport ek lêst fan krisis

24 okt 2008 - 12:35
Transport fernimt gefolgen krisis

Lytsere transportbedriuwen yn Fryslân driigje yn de problemen te kommen troch de kredytkrisis. Neffens brânzje-organisaasje Transport & Logistyk moatte guon bedriuwen har reserves oansprekke om te oerlibjen.

De bedriuwen komme yn de knipe om't har frachtweinen minder ynhierd wurde troch gruttere transporteurs. Dy sette earst har eigen weinen yn. De brânzje-organisaasje advisearret om yn te spyljen op dizze tydlike omstannichheden.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)