NAM-lokaasjes wurde grien

23 okt 2008 - 22:01

De NAM sil op mear plakken it fûgelfreonlike grien-blauwe ljocht brûke. No wurdt dat allinnich brûkt op de pier fan It Amelân en op in platfoarm foar de kust fan Flylân. It ljocht foarkomt dat fûgels ûnderweis nei de kust harren oriïntaasje kwytreitsje troch fûle wite ljochten.

De NAM hat no ek de gaswinlokaasjes by Moddergat en Lauwerseach útrist mei de griene lampen. Ynkoarten krijt ek in platfoarm foar de kust fan It Amelân de fûgelfreonlike ferljochting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)