NHL skrast magazine

It NHL Magazine ferdwynt...
It eigen blêd fan de NHL, de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert, hâldt op 1 jannewaris op te bestean. Derfoar yn it plak komme twa nije útjeften: ien foar dosinten en ien foar studinten. Dy wurde pas op 1 septimber takom jier útjûn.
Reden foar it skrassen fan it NHL-magazine binne besunigings. Ek hat it blêd berjochten publisearre der't it Kolleezje fan Bestjoer net wiis mei wie, sa seit haadredakteur Anita Terpstra.