Mata Hariwedstryd yn museum

23 okt 2008 - 16:43

It Fries Museum yn Ljouwert hat tongersdeitemiddei in syktocht hâlden nei de nije Mata_Hari. Tweintich jonge froulju hiene har oanmelden foar de wedstryd. Dy wie bedoeld om de wike fan de Fryske skiednis wat mear glâns te jaan.

De froulju diene ûnder oare mei oan in fotoshoot. De foto´s komme takom wike yn it Museum te hingjen. It publyk kin sa syn stim útbringe, ek in faksjuery sil der noch oer gear. De nije Mata Hari wint in foto op posterformaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)