Trion-personiel detasjearre

© Omrop Fryslân
Achtentweintich meiwurkers fan sosjale wurkfoarsjenning Trion wurde detasjeard by de gemeente Dantumadiel. It giet om minsken dy't yn it ferline faak foar los wurk ynset waarden foar de gemeente.
De Trion-meiwurkers sille no tenei yn lytse ploegen ferskate wurksumheden útfiere yn de doarpen en wenwiken yn Dantumadiel. It giet om it ûnderhâld fan grien, it opromjen fan ôffal, ûnderhâld fan begraafplakken en glêdensbestriding.