Menzis fergoedet seksterapy

23 okt 2008 - 10:40

Soarchfersekerder Menzis komt yn Noard-Nederlân mei in proef mei de fergoeding fan seksterapy. Oant no ta moasten minsken dat sels betelje en dêrtroch diene se neat oan problemen, lykas ereksjestoarnissen en pine by de seks.

Troch de terapy te fergoedzjen hopet Menzis ek de sikehûzen yn de mjitte te kommen. Dy krije no faak minsken op it sprekoere dy't om 'e nocht yn de medyske soarch telâne kamen. In terapeut kin faak helpe, seit Menzis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)