Beurzen stellen op It Fean
Seis minsken binne woansdei op It Hearrenfean it slachtoffer wurden fan bûskestellerij. De minsken wiene allegear oan it winkeljen.
De dief naaide ûnder oare út mei beurzen en los jild. De dieder wie sels sa brutaal dat er net allinnich op strjitte mar ek yn winkels oan de slach gong. Alle seis slachtoffers binne ynwenners fan It_Hearrenfean.