Sykje mei Fryske plaknammen

22 okt 2008 - 21:44

Fryske bedriuwen kinne op ynternet tenei ek fûn wurde op de Fryske plaknamme. De bedriuwesykmasine Zoomla seit de earste bedriuwesite te wêzen dy´t de opsje hat ek te sykjen op bygelyks ´Ljouwert´ of ´Harns´. By oare websiden dêr´t bedriuwen socht wurde kinne, kin dat meast allinne mei de offisjele Nederlânske plaknamme.

Dave_Dronrijp, direkteur fan Zoomla, fynt de mooglikheid om mei de Fryske plaknammen te sykjen logysk omt it Frysk in offisjele taal is yn Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)