Museum Opsterlân krijt jild

© Omrop Fryslân
Museum Opsterlân op'e Gordyk hat subsydzje krigen fan it ministearje fan Kultuer foar syn digitalisearringsplan. It museum wol it jild brûke om mei moderne technology de kolleksje better tagonklik te meitsjen foar it publyk.
It museum wol trochgroeie ta kennissintrum foar hiel Opsterlân. Op sneon ien novimber is it museum dêrom middeis fergees tagonklik. Besikers krije dan ek de kâns om it depot te besjen, wat gewoanwei net iepen is.