Sakelju Drachten teloarsteld

© Omrop Fryslân
De ûndernimmers yn Drachten binne bot teloarsteld oer it foarearst net trochgean fan it útgraven fan de Drachsterfeart. De plannen om wetter werom te bringen yn it sintrum binne útsteld troch de projektûntwikkelder omdat der te min nije huzen ferkocht wurde om it wurk te beteljen. En dat hat wer te krijen mei de kredytkrisis.
Foarsitter Barend Potjer fan de Drachtster ûndernimmersferiening H&I is sels benaud dat it no hielendal net troch giet.