Striid Friesland Foods en AH

22 okt 2008 - 11:01

Suvelkonsern Friesland Foods giet de striid oan mei de húsmerken fan Albert Heijn. It supermerkbedriuw is dwaande mei in kampanje dêr't yn steld wurdt dat syn húsmerkprodukten faak like goed binne as de djoerderde A-merken. Friesland Foods sil no itselde dwaan foar syn merken Chocomel en Appelsientje.

Yn advertinsjes wurdt oan konsuminten ferteld dat der grutte smaak- en kwaliteitsferskillen binne tusken bygelyks AH poeiermolke en Chocomel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)