MCL krijt alkoholpoly

22 okt 2008 - 10:03

Sikehûs MCL yn Ljouwert krijt in spesjale alkoholpoly. De klinyk is bedoeld foar it helpen fan jongerein mei in alkoholprobleem. Der binne noch trije sikehuzen dy't meikoarten mei sa'n poly begjinne. Mei elkoar tinke de sikehuzen goed 200 jongeren opfange te kinnen. Hoefolle dêrfan yn Ljouwert opfongen wurde sille is net bekend.

De alkoholpoly is in folsein nij fenomeen. De reden dat it yn Ljouwert komt, is omdat hjir in soad jongeren binne mei alkoholproblemen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)