Ungelok op binnenfeartskip

© Omrop Fryslân
Yn de slûs fan De Lemmer hat tiisdeitejûn in ûngelok west op in binnenfeartskip. De skipper fan de boat rôp syn matroas dat der kofje wie. De man soe fan it foardek oer de dekplaten nei de stjoerhut rinne. Mar de dekplaten leinen der net en sa foel hy fiif meter nei ûnderen.
It slachtoffer rekke ferwûne en is oerbrocht nei in sikehûs yn Grins.