Goedkeape reekmelder yn Kollum

21 okt 2008 - 21:43

Ynwenners fan de gemeente Kollumerlân kinne goedkeap in reekmelder keapje fan de gemeente. Op sneon 25 oktober krije de ynwenners de kâns om foar 2 euro en 50 sint in reekmelder te keapjen. Fia de webside www.brandweerkollum.nl kinne de belangstellenden oanjaan dat se der ien keapje wolle en dy kinne se dan sneon ôfhelje.

Eltse ynwenner kin maksimaal acht reekmelders keapje. De brânwacht jout ek advys oer it pleatsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)