Earedivyzje iishockey Ljouwert

21 okt 2008 - 17:32
Foto: Omrop Fryslân

Yn Ljouwert moat in earedivyzjeteam komme yn de iishockeykompetysje. Trije Ljouwerters binne krekt begûn mei in iishockeyteam ûnder de namme Capitals en harren doel is om oer fiif oant tsien jier in earedivyzjeteam te hawwen.

Oft dat realistysk is, is noch mar de fraach, mar de Ljouwerters wolle jongeren opliede om sadwaande op termyn in kwalitatyf goed team gear te stallen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)