NE-polder kiest foar Antonius

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan de Noardeastpolder lykje massaal te kiezen foar it Antonius Sikehûs fan Snits. Sûnt freed kinne se in brief ornearre foar de Twadde Keamer delhelje fan it ynternet. Dêryn kinne se oanjaan dat it sikehûs yn Emmeloord neffens harren hearre moat by it sikehûs fan Snits.
De brief is in inisjiatyf fan in pear politike partijen en is yn in pear dagen tiid al goed 3 tûzen kear delhelle.