Ynbrekker skrikt fan telefoan

© Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket in ynbraak yn Wynjewâld fan moandeitenacht. Bewenners oan de Merkebuorren waarden wekker fan lûden yn de achtertún. Even letter hearden se dat de achterdoar mei geweld iepenbrutsen waard.
Yn de hope dat de ynbrekker skrikke soe bellen se mei de mobile telefoan nei harren fêste telefoannûmer. De ynbrekker skrok dêr yndied sa fan dat er útnaaide. Hy hat noch wol in beurs meinommen.