Jong Cambuur hurd ûnderút

20 okt 2008 - 22:06

De beloften van SC Cambuur hawwe moandeitejûn mei 5-2 ferlern fan Jong Emmen. Binnen in kertier kamen de gasten út Drinte al op in 3-0 foarsprong en dêr bleau it net by. Nei 45 minuten spyljen stie Cambuur sels achter mei 5-0, troch flaters achteryn.

Yn de twadde helte gie it krekt wat better mei de Ljouwerters. Cambuur makke noch twa doelpunten. De makkers wiene Kees_Tol en Alseny_Bangoura.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)