IIsbaan foar Esonstêd

20 okt 2008 - 19:50
Foto: Omrop Fryslân

By Landal Esonstêd by De Skâns is in keunststof iisbaan fan sa'n trijehûndert kante meter iepene. De baan yn it sintrum fan it fakânsjedoarpke bliuwt lizzen oant 1 april takom jier en is tagonklik foar sawol besikers fan it park as minsken út de regio.

Boppedat sille skoallen út de omjouwing ek gebrûk meitsje fan de iisbaan.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)