Henk Herder besjocht AC Milan

20 okt 2008 - 17:35

Henk Herder, assistint-trainer fan de Sportclub Hearrenfean, hat snein de wedstriid AC Milan-Sampdoria besjoen. AC Milan komt tongersdei nei it Abe Lenstra Stadion.

Tsjin de fuotbalstjerren út Milaan moat Hearrenfean it dan opnimme yn it UEFA Cup toernoai. Snein wûn Milan mei 3-0 troch twa doelpunten fan Ronaldinho en ien fan Filippo Inzaghi.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)