GGZ Klinyk Snits ticht

De GGZ Klinyk yn it Antonius Sikehûs yn Snits giet op 1 jannewaris takom jier ticht. Yn de klinyk waarden yn gearwurking mei it sikehûs minsken mei psychyske klachten holpen. Dy gearwurking stie al langer ûnder spanning om't it sikehûs en de GGZ it oer de soarch net iens wurde koene. Sa fûn it sikehûs dat der net genôch psychiaters ynset waarden. De GGZ hat no besletten derút te stappen.
Yn de klinyk waarden op it stuit 20 minsken behannele.