Bouktje Boerma Miss Fryslân

De 20-jierrige Bouktje_Boerma fan Haulerwyk is moandei keazen ta moaiste frou fan Fryslân en mei dêrom troch nei de finale fan Miss Nederland 2008. Bouktje studearret foar ferpleechkundige yn Swol en neamt harsels in sosjale, spontane en freonlike frou.
Bouktje hat ferline jier ek meidien oan dizze missferkiezing, mar waard doe twadde. De sjuery ferkeas har dit jier ta absolute nûmer 1 fan Fryslân.