Minder Noardske wrotmûzen

De Noardske wrotmûs
By ien fan de grutste sykaksjes fan de Noardske wrotmûs yn Fryslân binne gâns minder fan dizze mûzen fûn as ferline jier. Dizze tige seldsume en beskerme mûzesoart sit foaral yn sompegebieten. As se fûn wurde, seit it in soad oer de kwaliteit fan de natuer dêr.
Ferline jier smiet in fangaksje yn it Snitsermargebiet allinnich al op it eilân de Lytse Griene hast 50 Noardske wrotmûzen op. Dit jier is dêr neat fûn. Dit jier binne yn twa wykeinen 21 wrotmûzen fongen.