Ynbrekker nimt laptop mei
In bewenner fan de Roptastate yn Ljouwert hat sneintenacht in ynbrekker trappearre yn syn hûs. De 30-jierrige bewenner hearde gestommel en seach in man yn syn keuken stean. Dy naaide út troch de achterdoar.
Der binne in laptop en mobile tillefoans stellen. De plysje hat noch socht yn de omjouwing, mar de ynbrekker is net fûn.