Dronken autorider oanholden

20 okt 2008 - 09:42

In dronken automobilist út Houtigehage is moandeitemoarn betiid nei in achterfolging oanholden troch de plysje. De plysje seach de man op de Dúnoardswei yn syn auto op in parkearplak stean. Hy lei mei draaiende motor en baarnende ljochten te sliepen achter it stjoer.

Doe't de plysje him blaze litten woe, naaide er út. In plysjeman woe him tsjinhâlde en waard hast oanriden. Nei in achterfolging troch Houtigehage koe de plysje de 40-jierrige man oanhâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)